Ans Wallinga makket tweintich filmkes oer Fryske stavering en grammatika

Ans Wallinga, learares Frysk yn Drachten, hat in rige fideo’s op YouTube set om jins behearsking fan de Fryske stavering en grammatika te ferbetterjen. Se binne rjochte op in jong publyk, mar se binne ek gaadlik foar oaren dy’t harren opskerpje wolle.

Yn de fideo’s wurde saken behannele as de staveringskwestje oe of û, it skriuwen fan de -n efter it tiidwurd en de korrekte folchoarder fan haad- en helptiidwurden.

De filmkes binne hjirûnder te besjen:

Bron: It Nijs