Vacature: vrijwilligers transcriptiewerk, Fryske Akademy

Wy sykje frijwilligers foar transkribearwurk

Fonology en fonetyk fan Frysk-Nederlânske twataligens

Profyl

Behearsking fan it Frysk en/of it Nederlânsk op (sawat) memmetaalnivo, mei ynteresse foar fonetyk en fonology, leafst op universitêr nivo. Underfining mei Praat tsjinnet as oanbefelling mar is net needsaaklik.

Lokaasje

2-3 kear op de Fryske Akademy yn Ljouwert. De rest fan de tiid kinst wurkje wêr’tst mar wolst.

Taakomskriuwing

Do makkest diel út fan in team dat de fariaasje yn de realisaasje fan de -en útgongen yn it Frysk en it Nederlânsk fan deselde sprekkers ûndersiket. Mei help fan it programma Praat selektearrest wurden dy’t útgeane op -en út de transkripsjes fan Fryske en Nederlânske spraak. Do analysearrest de doer fan de sjwa en de ein-n. Dêrnei ferwurkest de resultaten yn in spreadsheet en analysearrest dy op grûn fan ferskate fariabelen.

Fergoeding

De frijwilligersfergoeding bedraacht maks. € 4,50 it oere mei in maksimum fan € 150,- de moanne. Bist jonger as 23 jier, dan is de fergoeding € 2,50 it oere mei in maksimum fan € 150,- de moanne. Neffens de regels fan de belestingtsjinst. Ynljochtingen en sollisitaasje Ynformaasje oer de funksjeynhâld is te krijen by dr. Marjoleine Sloos, e-mail msloos@fryske-akademy.nl. Oer de mail kinst dyn ynteresse oan har kenber meitsje.

Webside

www.fryske-akademy.nl.

De proseduere wurdt stilset wannear’t wy de goede kandidaten fûn hawwe.