Oprop Skripsjepriis 2016-2018

De Fryske Akademy hat in twajierlikse priis foar it bêste skripsjeûndersyk op it mêd fan ’e Fryske taal en kultuer. De Skripsjepriis waard ynsteld by it fyftichjierrich bestean fan ’e Fryske Akademy yn 1988, mei as doel om studinten dy’t wittenskiplik ûnderwiis folgje in oantrún te jaan har ûndersyk op Fryske tema’s te rjochtsjen. De priis is in som fan 1000 (tûzen) euro.

Studinten fan ’e universiteit kinne oant 1 juny 2018 harren masterskripsje ynstjoere foar de Skripsjepriis. Der binne in tal betingsten:

  • It ûnderwerp fan ’e skripsje moat lizze op it mêd fan ’e Fryske taal en kultuer, lykas Fryske taal- en letterkunde, skiednis of sosjale wittenskippen.
  • De skripsje moat skreaun wêze (en goedkard troch de oplieding) nei 1 juny 2016 en foar 1 juny 2018.
  •  Allinnich WU-skripsjes kinne yn ’e beneaming komme foar de Skripsjepriis.

Dyn skripsje ynstjoere?

Skripsjes dy’t oan ús betingsten foldogge, kinne oant 1 juny 2018 ynstjoerd wurde. Wy ûntfange graach ien papieren eksimplaar en in digitaal eksimplaar (pdf-dokumint). It papieren eksimplaar kin stjoerd wurde nei:

Fryske Akademy
Skripsjepriis
Postbus 54
8900 AB Ljouwert

It digitaal eksimplaar kin maild wurde nei: skripsjepriis@fryske-akademy.nl.

In wittenskiplike sjuery, gearstald út Akademyfermidden, sil de skripsjes beoardielje. Oer de útslach wurdt net korrespondearre en it ynstjoerde eksimplaar fan ‘e skripsje wurdt net retoernearre.

Dit bericht is geplaatst in prijs met de tags , , , . Bookmark de permalink.

Laat een reactie achter