20ste Frysk Filologekongres: 10-12 desimber 2014

Oankundiging en oprop foar lêzingen
De Fryske Akademy organisearret dit jier foar de tweintichste kear it Frysk Filologekongres, yn Ljouwert op woansdei 10, tongersdei 11 en freed 12 desimber. It kongres wol in poadium wêze foar it wittenskiplik debat oangeande de frisistyk yn ’e breedste sin. De fiertalen binne: Frysk, Nederlânsk, Ingelsk en Dútsk.
De opset fan it kongres is dat der elke dei út ein set wurdt mei in plenêre lêzing. Dêrnei binne der parallelseksjes. Op ’e tongersdei is der in jûnsseksje oer Underwiis. It kongres is rjochte op ’e neifolgjende ûndersyksmêden:
1.  Aldfrysk
2.  Taalkunde
3.  Letterkunde
4.  Leksikografy
5.  Taalsosjology
6.  Skiednis fan Fryslân/Kultuerstúdzje.
It ûndersyksfjild is it Frysk, mei ynbegryp fan de dialekten dy’t yn Fryslân foarkomme, yn al syn fazen en it Frysk yn Dútslân (Noard- en East-Fryslân). Lêzingen dy’t út in ferlykjend perspektyf wei relevant binne, binne ek fan herten wolkom.
De kongreskommisje ropt hjirby saakkundigen op om in opset (fan sa’n 300 wurden) foar in lêzing op ien fan ’e ûndersyksmêden yn te tsjinjen. Sprekkers dy’t har lêzing by in beskaat ûndersyksmêd yndield hawwe wolle, wurdt fersocht om dat oan te jaan. In lêzing duorret in healoere (20 minuten foar de lêzing sels plus 10 minuten foar diskusje). Ut it oanbod fan lêzingen sil nei de slutingstermyn (sjoch hjirûnder) in kar-út makke wurde foar it kongres. De lêzinghâlders kinne har lêzing yntsjinje foar publikaasje yn de kongresbondel Philologia Frisica anno 2014, dy’t ûnder redaksje fan ’e kongreskommisje stean sil.
Wa’t in opset foar in lêzing yntsjinje wol, wurdt frege om dat fia e-mail te dwaan by:

jspoelstra@fryske-akademy.nl.

De slutingstermyn foar it ynstjoeren fan in opset is 15 septimber. Foar 1 oktober hearre ynstjoerders oft harren opset foar in lêzing oannommen is.
De lokaasje fan it kongres is op dit stuit noch net wis en sil sa gau mooglik bekend makke wurde. De kongreskosten binne € 100,- foar it hiele kongres of € 40,- foar ien kongresdei (ynkl. kongresdokumintaasje, kofje/tee en lunch). Lêzinghâlders binne frij fan kongreskosten foar de dei dat se har lêzing hâlde. Studinten ha fergees tagong ta it kongres. Op woansdei 10 desimber is der in kongresdiner; de kosten dêrfan binne € 30,-.
Foar ynljochtings kinne jo terjochte by Janneke Spoelstra (e-mail: jspoelstra@fryske-akademy.nl, tel. (0031)-(0)58-2336915) of Willem Visser (e-mail: wvisser@fryske-akademy.nl, tel. (0031)-(0)58-2343037).
De kongreskommisje:
Dr. Hanno Brand (foarsitter)
Drs. Cor van der Meer
Janneke Spoelstra MA (skriuwer)
Dr. Willem Visser
Dit bericht is geplaatst in geen categorie met de tags , . Bookmark de permalink.